Freed dúdlikens JanDurks tocht

17 jan 2013 - 21:32

Freedtemoarn sil dúdlik wurde oft de JanDurkspolder Familietoertocht by Earnewâld sneon definityf foar de fyfde kear op rige holden wurde kin. De frijwilligers fan iisklup Lyts Begjin út Earnewâld sille yn de rin fan freedtemoarn it iis op om de lêste mjittings te dwaan.

Woansdei waard al begûn mei de tariedings fan de tocht. Sa binne der tusken de Lytse Mar en de Jan Durkspolder twa klúnbrêgen oanlein. Neffens de organisaasje binne de fergunnings sa goed as rûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)