2011 bysûnder foar menisten

31 des 2010 - 09:31

2011 is in bysûnder jier foar de menistetsjerke. Sa is it 475 jier lyn dat Menno Simons út de katolike tsjerke stapte en 200 jier lyn dat de Algemiene Doopsgezinde Sociëteit yn Nederlân oprjochte waard. Dat wurdt yn Fryslân grut fierd mei tal fan aktiviteiten.

Sa stiet op 9 jannewaris in grutte nijjiersbyienkomst pland yn Snits, komt der in toanielstik oer Anne Zernike en in grutte eksposysje yn Wytmarsum it berteplak fan Menno Simons.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)