Man sakket troch iis

17 jan 2013 - 16:41
  • Man troch iis

Op de Grutte Wielen is tongersdeitemiddei in man troch it iis sakke. Omstanners ha de man mei in soad muoite út it wetter helle mei in tou, ek de brânwacht waard ynskeakele. It giet om in man fan omtrint 50 jier. Hy is mei de sike-auto nei it MCL brocht. It Frysk Iisbûn warskôget dat it iis op it bûtenwetter noch lang net fertroud is en dat reedride allinne feilich kin op iisbanen en bûtlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)