Fergees ynternet by Arriva

17 jan 2013 - 12:31

Ferfiersmaatskippij Arriva begjint tongersdei mei fergees ynternet yn alle treinen yn Noard-Nederlân. De offisjele starthanneling wie tongersdei ûnderweis yn de trein tusken Ljouwert en Grins. NS hâldt krekt dit jier oop mei fergees Wifi yn de trein. Arriva sette yn 2008 útein mei de earste proef en wol noch mear dwaan as wat no oanbean wurdt. Wat dat krekt ynhâldt, wol direkteur Hettinga no noch net kwyt.

Op de fraach nei de ynfiering fan it supersnelle mobile ynternet dat ek wol 4G neamt wurdt, seit Hettinga dat it bedriuw net foarop rint yn de technyk, mar dat de technyk wol folge wurdt.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)