Mear huzen twongen ferkocht

17 jan 2013 - 11:58

Yn Fryslân binne ferline jier mear keapwenningen twongen ferkocht as yn de jierren dêrfoar. Foarsitter Albrecht Kok fan de Fryske ôfdieling fan makelersferiening NVM werkent him yn it lanlike byld. Dy lit in dúdlik taname sjen. Goed 3500 wenningeigners hawwe yn 2012 har wenning twongen ferkeapje moatten en dat is taname fan 70% neffens 2011.

Trefwurden: 
ferkeap huzen NVM makeler
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)