Skoda nei 60 jier boppe wetter

17 jan 2013 - 11:31

It wie in spannend famyljeferhaal. Yn de oarloch wie de Skoda fan jirpelboer Roelof Beetsma fan Mitselwier foardere troch de Dútsers. Nea hat Beetsma syn moaie auto weromsjoen en dat hat him dwers sitten oant syn dea yn 2006. Dizze wike krige syn dochter Geartsje Meinema fan De Lemmer in nijsgjirrich telefoantsje fan Skylge.

Bedobbe ûnder it sân by in bunkerkompleks op Skylge hawwe meiwurkers fan it Wrakkemuseum de âlde Skoda weromfûn. Swier ferruske en sûnder sjassy en tsjillen.

Op de motorkap stie in plaatsje fan de ANWB mei dêrop de namme fan de eigener. De dochter waard trasearre en sa waard in jierren âld famyljemystearje oplost. De auto sil yn de takomst te sjen wêze yn in te bouwen bunkermuseum op Skylge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)