Ferskate ynbraken yn Fryslân

17 jan 2013 - 11:08

By in hûs yn Harns is woansdeitenacht in auto stellen. De dief koe de auto meinimme troch earst de kaaien út it hûs te heljen. Dat die er troch de foardoar iepen te brekken. Woansdei waard op sân plakken yn Fryslân ynbrutsen. Seis kear wie it raak yn Ljouwert, de sânde kear wie yn in hûs oan de Hearewei yn Warkum. By de ynbraken waarden ûnder oare televyzjes, laptops en sieraden meinaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)