200ste edysje fan de Hurdsyldei yn Snits

05 aug 2015 - 11:51
  • Hurdsyldei Snits
  • Hurdsyldei Snits

Op de hurdsyldei yn Snits komme tal fan klassen yn aksje op de Snitser Mar. De Snitswike bestiet tachtich jier, mar de hurdsyldei belibbet syn 200ste edysje.

De startline is dêrom dizze kear net by it startskip midden op de mar, mar de skippen starte no by de starttoer wei. Dat makket it ekstra spannend foar de dielnimmende skippers. De silers moatte in bepaalde baan farre by de wedstriid. Oan de Hurdsyldei dogge sa'n 1.400 dielnimmers mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)