2009 wurdt in goed maisjier

02 aug 2009 - 15:47

It giet goed mei de mais. Dat jildt net allinnich foar de mais dat as proef ûnder foly ferboud wurdt, mar ek foar planten dy't iepen en bleat yn de greiden steane. Sûnt dit jier ferbouwe in tal boeren yn Fryslân maisplanten ûnder foly, sadat dy waarmer bliuwe en better groeie.

Omdat it oant no ta ridlik waarm en droech is, dogge ek de maisplanten yn de greiden it goed. Mais ûnder foly groeit wol flugger en kin dêrtroch twa wike earder fan it lân helle wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)