2007 wie in goed wynmûnejier

17 mrt 2008 - 12:17

2007 wie in goed jier foar de wynmûne. Benammen troch in lange wynperioade yn jannewaris brochten de wynmûnen yn Fryslân sa'n 15 prosint mear op as yn de jierren derfoar. Dit docht bliken út de sifers fan de wynferiening Noordenwind. Jannewaris 2008 wie ek wer in bysûnder goeie 'wynmoanne'.

De produksje fan 2007 lei foar in grut part yn hannen fan de 40 meter hege Lagerwei-mûnen. Noordenwind is dwaande mei in nij en moderner wynmûnepark.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)