Wientjes mei Rede fan Fryslân

17 jan 2013 - 10:31

Foarsitter Bernard Wientjes fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW hâldt yn maaie de twadde Rede fan Fryslân. Hy sil it dan hawwe oer de ekonomyske takomst fan Fryslân. De provinsje organisearret oant 2040 alle jierren in Rede fan Fryslân. Ferline jier wie Coen Teulings fan it Centraal Planbureau de sprekker. De lêzing fan dit jier is op 22 maaie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)