Mear Friezen yn de WW

17 jan 2013 - 10:07
  • UWV

Ein ferline jier hiene goed 16.500 Friezen in WW-útkearing. Dat docht bliken út sifers fan it UWV WERKbedrijf. It oantal leit hast in kwart heger as yn desimber 2011. De taname fan it tal WW-útkearings wie it grutst yn Gaasterlân-Sleat, dêr naam it oantal mei mear as de helte ta. Oare gemeenten mei hege taname's binne Dongeradiel, Ferwerderadiel, It Bilt en Tytsjerksteradiel. De sifers yn Fryslân binne heger as it lanlik gemiddelde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)