Rydbewiis hurdriders ynnommen

© ANP XTRA
De plysje hat tiisdei op twa plakken yn Fryslân rydbewizen ynnaam fanwege snelheidsoertrêdings. Op de Ofslútdyk ried in automobilist út Tynaarlo 126 kilometer yn 'e oere, wylst er mar 70 mocht. Op de Kelderwei by Kollum waard in Ljouwerter automobilist betrape mei 137 kilometer op 'e teller. Hy mocht mar 80. Neist dat fan beide it rydbewiis ynnaam is, hawwe se ek in proses-ferbaal krigen.