Glêde rotondes yn Drachten

17 jan 2013 - 08:37
  • Drachten

Meiwurkers fan de gemeente Smellingerlân hawwe tongersdeitemoarn betiid yn Drachten in tal rotondes skjinmeitsje moatten. Trochdat in sjauffeur fan in bus fergetten wie de dop op syn tank te draaien, wie der diseloalje op de rotondes rûn. Dy wiene dêrtroch sjippeglêd wurden.

Troch der spesjale kerrels op te struien, hat it gemeentepersoniel de rotondes wer skjin krigen. It giet om rotondes yn ûnder oare de Oereterpfallaat en de Splitting. Der hawwe har gjin ûngelokken foardien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)