Skotleas Aris ûnderút

16 jan 2013 - 22:25
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris Ljouwert hiene woansdei in strieminne jûn by Den Helder. De thúsploech wûn mei 65-52. Nei sân minuten stie Den Helder al op 14-0. It earste kwart einige mei 20-6. Healwei wie it 36-23. Doe't it tredde kwart mei rom ferskil wer nei Den Helder gong (17-8), koe de einsprint it Aris ferlies net mear foarkomme. It lêste kwart wie mei 21-12 foar de Ljouwerters. Jerrell Williams kaam mei 11 punten as iennige Aris-spiler yn de dûbele punten. Beide ploegen ha no 22 punten út 20 wedstriden, goed foar de plakken fiif en seis.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)