"Bêst iis yn Gaasterlân"

16 jan 2013 - 20:22

It iis yn Gaasterlân en omkriten leit der geweldich by. Dat meldt assistint-rayonhaad Auke Hylkema. Hy seit sa'n moaie iisflier sûnt 1984 net mear sjoen te hawwen. Wol binne hjir en dêr noch wekken en is it iis noch tin: gemiddeld oardel sintimeter. Mei de ferwachting fan acht graden froast woansdeitenacht sil Hylkema tongersdei wer te mjitten. Hy is foaral optein oer it resultaat fan de ôfsluters dy't yn de Luts pleatst binne. Neffens Hylkema binne der op dy plakken al gjin wekken mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)