Opposysje: enkête grûnbelied

De opposysjepartijen yn de steaten wolle dochs in enkete hâlde nei it grûnbelied. It ûndersyk fan buro Berenschot hat in soad dúdlikens jûn mar de ûnderste stien is noch net boppe. Dat waard dúdlik nei in ynformearjende steategearkomste oer it rapport. It buro konkludearre dat hast net ien him binnen de provinsje ferantwurdlik fielde foar de oankeap fan grûn. Dêrtroch hat de provinsje grutte risiko's rûn. By sa'n enkete moat dúdlik wurde hokker risiko's oft de provinsje no noch rint en hoe't it krekt siet mei de politike ferantwurdlikheid.