Boubedriuw Koster is fallyt

16 jan 2013 - 16:16

It boubedriuw Koster fan Ryptsjerk is troch de rjochtbank fallyt ferklearre. By it bedriuw wiene noch 15 minsken yn tsjinst. Ein ferline jier wie der ek al in reorganisaasje en doe rekken 12 minsken har baan kwyt. De eigener fan it bedriuw hie sels it fallisemint oanfrege om't der gjin opdrachten mear kamen. De gebouwen fan it boubedriuw binne nei alle gedachten yn opdracht fan de bank yntusken folslein leechhelle. De 15 wurknimmers fan Koster krigen al al in pear wike gjin lean. No kin it ûntslach oanfrege wurde by it UWV.

Trefwurden: 
boubedriuw fallyt Koster
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)