Plysje-ûndersyk yn East'werf

16 jan 2013 - 16:02
  • Sjitpartij Easterwâlde

Der komt in plysje-ûndersyk nei de grutte skaal fan himpkweek en himphannel yn Eaststellingwerf. Dit wurdt dien fanwege it grutte tal geweldsynsidinten de lêste tiid yn Easterwâlde en omkriten. De boargemaster hat frege om dit ûndersyk om't der ûnrêst is ûnder de befolking. Yn koarte tiid wiene der oerfallen, is in man delsketten by in hûs dêr't himp fûn waard en earder wie der de moard op frou Heijltjes. De ynsidinten steane los fan mekoar.

Yn in jier binne 22 himpkwekerijen yn de gemeente oprôle. Dat is mear as yn ferlykbere gemeenten.

Tongersdeitejûn hâldt de gemeente in ynformaasjegearkomste foar de bewenners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)