'Polderhoofdkanaal moat iepen'

16 jan 2013 - 14:35

Opsterlân jout de striid om de weriepening fan it Polderhoofdkanaal by Nij Beets net op. De rjochter hie in natoerûntheffing ûnjildich ferklearre. Moandeitejûn prate de ried oer in moasje fan VVD, Opsterlanders en Lokaal Belang Opsterland. Dêryn stie dat it gjin sin hat om tsjin de útspraak fan de rjochter yn berop te gean. Op de riedsgearkomste hat in mearderheid fan de partijen Opsterlands Belang, PvdA, CDA, ChristenUnie en D66 de moasje lykwols fan tafel fage. Undernimmers en bewenners fan Nij Beets wolle dat it kanaal weriepene wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)