Wurk Claudy Jongstra yn Parys

16 jan 2013 - 14:03

Claudy Jongstra fan Spannum makket moadekeunstwurken foar de Fashion week yn Parys dizze moanne. De keunstneres wurket dêryn gear mei InAisce. De wurken binne fan wol en side en bedoeld foar de hjerst/winter kolleksje fan dit jier. Ek hat Claudy Jongstra filten stoffen ûntwurpen dêr't Jona Aisce fashionpieces mei makket. By de Fashion Week binne ek autonome wurken fan Jongstra te sjen yn in gallery. Foar har wandkleden brûkt se wol fan skiep dy't se sels hâldt. Ek ferbout se sels farveplanten.

Trefwurden: 
Claudy Jongstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)