Sense of Place is tema Oerol

© Omrop Fryslân, Onno Falkena
It tema foar Oerol de kommende jierren is 'Sense of Place'. It is nij dat it tema foar meardere jierren is. Neffens Joop Mulder beskriuwt it tema de ûntwikkeling dy't it Skylger festival sjocht foar de takomst: in fokus op it bewustwêzen en de betsjutting fan it lânskip. Oerol begjint mei in seminar. Sa'n 50 profesjonals út binnen- en bûtenlân op it mêd fan lanskipskeunst, wittenskip en natuer dogge mei. It Frânske selskip Bistaki is frege in spesifyk lânskipsprojekt te meitsjen. Oerol is dit jier fan 14 o/m 23 juny.