Klúnbrêgen by Jan Durkspolder

16 jan 2013 - 12:03
  • klunbrege by jan durkspolder

Yn de Alde Feanen binne frijwilligers fan de iisklup woansdei begûn mei de tariedings foar in mooglike toertocht op natueriis. Dat soe mooglik de earste tocht wêze. Dat de tocht der komt, is offisjeel noch net te sizzen. It iis liket goed. De frijwilligers ha twa klúnbrêgen oer twa djippe fearten lein. De iisklup Lyts Begjin fergaderet woansdeitejûn en dan moat der noch in fergunning komme foardat in toertocht yn de Jan Durkspolder útskreaun wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)