Bekeurings op It Hearrenfean
Op It Hearrenfean binne tiisdei tweintich minsken bekeurd. De plysje kontrolearre op ferskate plakken. Sa'n tsien bestjoerders hienen gjin riem om. Seis bestjoerders rieden op de K.R. Poststrjitte troch it reade ljocht. Ek wie dêr in ûngelok om't in automobilist troch read ried. It gefolch wie blikskea.