Oerskot guozzen folle grutter

15 jan 2013 - 23:10

It tal guozzen dat fergast wurde moat as gefolch fan it akkoart tusken boeren, provinsjes en natuerorganisaasjes fan desimber, is twa kear sa heech as direkteur Henk de Vries ferwachte. Hy hâlde rekken mei 200 oant 300.000, mar út berekkenings fan deiblêd Trouw docht bliken dat der yn Nederlân mear as in heal miljoen guozzen ôfmakke wurde moatte, om de doelen út it akkoart te heljen.

Boeren, provinsjes en natuerorganisaasjes hawwe ôfpraat dat it tal guozzen werombrocht wurde moat nei it nivo fan 7 jier lyn.

De Vries tinkt dat der noch wolris in fûl protest komme kin, as it deameitsjen fan guozzen echt begjint. Lykwols fynt hy it dochs goed dat de ôfspraken trochfierd wurde, omdat de boeren oars tefolle skea krije en der gjin jild mear is foar kompensaasje. Ek deputearre Johannes Kramer dringt oan op útfiering fan de ôfspraken sa't dy yn desimber makke binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)