Single Johannes ek yn it Frysk

Johannes Rypma, hjir earder yn de heale finale fan The Voice of Holland © ANP
De earste single fan Johannes Rypma fan Aldegea W. komt yn it Ingelsk én yn it Frysk út. Yn it Ingelsk hjit it nûmer Play Me, yn it Frysk 'In libben yn 'e rock 'n roll'. Sjonger Syb van der Ploeg hat de Fryske oersetting makke. Rypma waard yn desimber twadde yn de finale fan de tillevyzjeshow The Voice of Holland. Hy hat no in platekontrakt tekene by Artist & Company, dêr't ek it duo Nick en Simon in kontrakt hat. Nick en Simon wiene de 'coaches' fan Rypma yn it programma.
It nûmer 'In libben yn 'e rock 'n roll' ferskynt op it nije album fan Rypma, dat de namme Play Me krijt. Neist nije nûmers dy't foar him skreaun binne, hat Rypma ek covers opnaam fan ûnder mear Nickelback, Golden Earring en Bryan Adams.