Tafersjoch op sâltwinning

15 jan 2013 - 17:21
  • Struisâlt

Steatssiktaris Sharon Dijksma sil skerp tasjen op de gefolgen foar de natoer as gefolch fan de sâltwinning troch Frisia. Dat hat se de Twadde Keamerfraksje fan de ChristenUnie beloofd. Dy makket him soargen, omdat troch de sâltwinning troch Frisia ûnder it Waad ekstreme boaiemdelgong ûntstean kinne soe.

Neffens de steatssiktaris moatte der noch inkele besluten naam wurde foardat de sâltwinning ûnder it Waad los kin. Dijksma seit dat sy ek yngripe kin as it winningsplan yn har eagen te fier giet.

Wilens it wurk kin de oerheid ek noch oanpassings oplizze of, yn it slimste gefal, de winning hielendal stillizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)