Grinzer baas haven Lauwerseach

15 jan 2013 - 15:13

Direkteur Harm Post fan Groningen Seaports wurdt tydlik ek direkteur fan de haven yn Lauwerseach. De ried fan kommissarissen fan de Exploitatiemaatschappij Lauwersoog hat him dêrfoar frege. Yn de maatskippij wie ferline jier in skeel en de ried waard nei hûs ta stjoerd. Neidat de nije kommissarissen it betrouwen yn de direkteur opsein hiene, waard de direkteur ek ûntslein. Dêr komt Post no foar yn it plak.

Der wurkje in soad Friezen yn de haven fan Lauwerseach. De gemeente Dongeradiel is oandielhâlder yn de eksploitaasjemaatskippij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)