Stikelbargen yn fûgelhokken

15 jan 2013 - 12:09

De Fûgelhelling yn Oerterp wol noch dit jier in aparte opfangromte foar stikelbargen bouwe. Al jierren wurde der hieltyd mear fan sokke bisten opfongen yn Oerterp. Utwreiding is gjin opsje. Nei alle gedachten sille besteande fûgelkoaien omboud wurde ta stikelbaarchromtes. Foar de sinteraasje moatte noch sponsoaren fûn wurde.

De Fûgelhelling hat ferline jier 6200 bisten opfongen en fersoarge. It giet om fûgels, mar ek om in lytse tûzen stikelbargen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)