BAM-ploech yn Noardlaren

15 jan 2013 - 12:04

De folsleine BAM-ploech, mei ûnder oaren de Nederlânsk kampioen op natoeriis Jorrit Bergsma, sil oan de start ferskine by de earste maraton op natoeriis. Dy wedstriid wurdt tiisdeitejûn om healwei achten ferriden yn Noardlaren. Neffens coach Jillert Anema passe de wedstriden op natoeriis goed yn 'e tarieding.

De maratons fan Haaksbergen op woansdei en Gramsbergen op tongersdei sil de BAM-ploech ek ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)