600 kilo koper stellen

15 jan 2013 - 10:55

By de Noord-Nederlandse Schrootverwerking yn Frjentsjer is it ôfrûne wykein 600 kilo koper stellen. Fan ien fan de gebouwen fan it bedriuw oan de Eastlike Yndustrywei waard in roldoar iepenbrutsen. Dêrnei waard it koper dat dêr lei, meinaam.

Nei alle gedachten is it koper ôffierd op in oanhingwein of mei in bestelbus. It bedriuw hat oanjefte dien fan de stellerij.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)