Drugs yn Drachten

15 jan 2013 - 10:42
  • GHB

Trije ynsittenden fan in auto binne moandeitejûn yn Drachten trapearre op drugs. Yn harren auto fûn de plysje in pear fleskes GHB, in stik of wat XTC-pillen en wyt poeier, wat nei alle gedachten heroïne of kokaïne is.

De trije binne meinaam nei it plysjeburo foar ûndersyk. It giet om in man fan 22 jier út Droegeham, ien fan 23 fan De Harkema en in famke fan 16 jier út Surhústerfean. De drugs is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)