Brutale berôving oplost

15 jan 2013 - 10:25

Mei de oanhâlding fan in 34-jierrige man en in 39-jierrige frou út Ljouwert hat de plysje in gefal fan dieverij mei geweld oplost. Dêrby waard ein novimber ferline jier in 37-jierrige man út Antwerpen op de Iewâl yn de Fryske haadstêd yn elkoar slein en fan syn telefoan berôve.

Nei ûndersyk kaam de resjerzje de beide fertochten op it spoar. Se hawwe in proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)