Trein en fleantúch fertraging

15 jan 2013 - 10:12

Treinreizgers dy't nei it midden en suden fan Nederlân moatte, moatte rekken hâlde mei fertragings. Troch de grutte sniefal rydt de NS mei in oanpaste tsjinstregeling. Dat betsjut dat der minder treinen ynset wurde. Minsken dy't earne op 'e tiid wêze moatte, wurdt oanret om rom op 'e tiid fuort te gean.

Op de luchthaven Skiphol jildt in ekstra wachttiid fan in heal oere. Dat komt ûnder oare omdat fleantugen iisfrij makke wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)