Priis foar Schuil/Nummerdor

15 jan 2013 - 09:33

Beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor hawwe in oeuvrepriis fan de gemeente Den Haach krigen. Ald-Ljouwerter Schuil krijt mei syn maat de priis fanwege harren fertsjinste foar de sport. Neffens de gemeente hat it súkses fan it duo der foar soarge dat beachfollybal op de kaart stiet yn Nederlân.

Schuil en Nummerdor waarden op de Olympyske Spelen fan Londen fjirde. Fjouwer jier earder yn Peking waarden se fyfde. Ek waarden se fan 2008 oant 2010 trije kear Europeesk kampioen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)