2001 goed goudûle-jier

28 des 2001 - 00:00

Yn 2001 hawwe yn Fryslân 542 pearkes goudûlen bret, 76 briedpearkes mear as yn 2000. Dat meldt de Fryske wurkgroep goudûlen (kerkuilen). Fryslân is dêrmei goed foar mear as in kwart fan 'e Nederlânske goudûlepopulaasje. Meiinoar binne allinnich yn Fryslân sa'n 1550 jongen útflein, yn trochsneed hast 3 jongen it briedpear. Op 80 plakken hat de goudûle foar it earst bret.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)