200.000 euro foar Cambuur

31 jan 2006 - 00:00

Sportclub Cambuur hat de tasizzing dat der tiisdei noch 200.000 Euro stoart wurde sil op 'e bankrekken fan 'e klub. Dat seit ynterim-direkteur Harjan van Dam. Dy hopet dat it jild sa gau as mooglik oermakke wurdt.

As it jild stoart is kin de klub, dy't yn grutte finansjele swierrichheden sit, earst wer in moanne foarút. Boppedat jout dat Van Dam en alle belutsenen de romte om noch in moanne te wurkjen oan in echt rêdingsplan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)