2000 fytsers stappe ôf

10 jun 2003 - 00:00

Fan de 15.000 dielnimmers oan 'e Fytsalvestêdetocht hawwe Pinkstermoandei 12.500 de einstreek helle. Neffens de organisaasje binne fiifhûndert minsken net start, de oare twatûzen binne ûnderweis ôfheakke.

De dielnimmers hiene dit jier te krijen mei flink wat wyn, benammen op it lêste ein, tusken Dokkum en Boalsert. Achttjin fytsers rekken ferwûne. Yn 'e measte gefallen gie it om lichte ferwûnings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)