2000 dielnimmers by fakkelaksje

20 okt 2004 - 12:27

Goed 2000 minsken ha oanjûn freed mei te dwaan oan de fakkelaksje fan de Waadferiening. De aksje is opset om de Twadde Keamerleden it ljocht sjen te litten. Begjin novimber praat de Keamer oer de takomst fan de Waadsee en oft der bygelyks nei gas boarre wurde mei.

It doel fan de organisaasje wie om om de 100 meter in dielnimmer mei in fakkel te setten. Om't dat te gefaarlik is, wurde minsken yndield yn groepkes. Dy komme by de Seedyk te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)