200 Leppelbeknêsten fuort

20 jun 2011 - 16:01
  • Gryn strûpt derûnder (foto: Natuermonuminten)

De simmerstoarm fan dit wykein hat yn it Waadgebiet nei alle gedachten mear as 200 leppelbeknêsten fernield, seit Natuermonuminten. Fiskedieven, dwerchstins en noardske stirns en kobben waarden ek troffen.

De grutste koloanje leppelbekken bûtendyks, by Skiermûntseach, wie al swier troffen troch de earste simmerstoarmen. De nije briedsels binne no ek fuortspield troch it hege wetter. Troch de springfloed en de hurde wyn kaam der in flink heech tij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)