200 fytsen foar New York

31 mrt 2009 - 14:03
  • Batavus skinkt fytsen oan 400-jierrich New York

Fytsefabrikant Batavus jout it 400-jierrige New York twahûndert fytsen kado. De fytsen geane dizze wike op in skip nei Amearika. Se binne spesjaal ûntwikkele foar New_York. Sa ha se in weromtraaprem, omdat de measte Amerikanen net oan hânremmen wend binne.

De fytsen wurde earst ynset by eveneminten fanwege de feestlikheden fan it 400-jierrich bestean fan de stêd. En as dat dien is, wurde se kado dien oan achterstânswiken yn New York.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)