200 boetes foar hurdriderij

28 mrt 2014 - 14:23

By snelheidskontrôles op trije plakken yn Fryslân hat de plysje tongersdei goed 200 bekeurings útskreaun. It grutste part fan de oertredings waard op de Dimpte Feart yn Surhústerfean makke. Fan de goed 1000 kontrolearre bestjoerders rieden dêr 112 te hurd. Op de Tochmaleane yn Kollum wiene fan de goed 450 auto's 61 yn oertreding. Op de Foarwei yn Wâlterwâld trapearre de plysje 29 bestjoerders op in te hurd riden.

De kontrôles waarden hâlden nei klachten fan omwenners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)