20 swimlessen foar bern SWF

20 des 2011 - 19:28

Súdwest-Fryslân wol dat alle seisjierrige bern yn de gemeente swimlessen ûnder skoaltiid krije kinne. It giet om 20 lesoeren per jier. It is oan de skoallen sels oft se gebrûk meitsje fan it oanbod fan de gemeente. It is de bedoeling dat de âlden en de skoalle sels foar it ferfier fan de bern nei de swimbaden soargje. Foar de weryndieling wie it skoalswimmen yn elk fan de fiif âlde gemeenten oars regele. Yn Wymbritseradiel wie it sels hielendal ôfskaft. De gemeenteried moat noch grien ljocht jaan foar it foarstel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)