20 resjersjeurs saak De Terp

27 jun 2013 - 11:53
  • De Terp leit flakby NHL en Stenden

De plysje docht mei 20 resjersjeurs ûndersyk nei de dea fan de 58-jierrige bewenner fan dakleaze-opfang de Terp yn Ljouwert. Dêrby wurde tongersdei ûnder oaren alle oare dakleazen ûnderfrege. De deade man waard moandei fûn en de plysje giet út fan in misdriuw. De plysje wol net sizze wat foar ferwûnings de man hat. Opfangorganisaasje Zienn hopet dat it plysje-ûndersyk gau mear dúdlikheid jout. It is neffens Zienn foar it earst dat der sa'n slimme saak is yn de dakleaze-opfang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)