20 Moanne sel easke foar misbrûk

28 okt 2005 - 09:40

Tsjin in 50-jierrige man út Harns is tongersdei foar de rjochtbank 20 moanne finzenisstraf easke, foar it jierrenlang ferkrêftsjen fan in minderjierrich famke.

De man soe it famke seis jier lang stelselmjittich ferkrêfte hawwe. Hy hie har yn 1993 út it swimbad rêden en hie dêrnei kontakt hâlden mei har en har mem. It msibrûk begûn doe't itslachtoffer alve jier wie. Oer twa wike is de útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)