20 jier lytse taleburo EBLUL

27 sep 2002 - 00:00

It Europeesk Buro foar Lytse Talen yn Brussel hat tongersdei it 20-jierrich bestean fierd yn it Europeesk Parlemint. It buro is 20 jier lyn troch datselde parlemint oprjochte fia de ferneamde resolúsje Arfé oer it beskermjen fan minderheidstalen.

Neffens de Noardierske Nobelpriiswinner John Hume wurdt der no positiver tocht oer minderheidstalen as yn 1982.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)