20 jier foar swimbadmoard

26 jun 2014 - 16:08
  • It plak fan de moard by it swimbad yn Mearum

It gerjochtshôf yn Ljouwert hat de 46-jierrige man út Kampen dy't ferantwurdlik hâlden wurdt foar de moard op Jan Elzinga út Mearum feroardiele ta tweintich jier selstraf. Dat is twa jier mear as de straf dy't de man earder oplein krige. Syn hantlanger, in 37-jierrige man út Zwolle dy't Elzinga deaskeat, krijt fyftjin jier selstraf. Dy straf wurdt net ferhege.

Jan Elzinga waard yn july 2012 foar de yngong fan it swimbad yn Mearum yn Grinslân deasketten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)