20 Fryske harkboeken op komst

10 sep 2008 - 10:59

It kommende jier ferskine der tweintich Fryske harkboeken. It wurdt hieltiten populêrder om bygelyks de bern op de achterbank fan de auto in MP3-spiler te jaan mei in harkboek.

Mar ek âldere minsken fine it noflik dat se net mear hoege te lêzen, mar harkje kinne nei in boek. Tekstbureau DAT fan Easterwierrum hat it inisjatyf naam om de Fryske boeken ynlêze te litten. It buro hat dêr subsydzje fan ´e provinsje foar krige, en de meiwurking fan útjouwers en skriuwers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)