2 ton foar Piersma yn Sina

21 feb 2012 - 11:58

De Fryske heechlearaar biste-ekology Theunis Piersma krijt in soad jild út Sina foar ûndersyk yn dat lân. By in galadiner is 200.000 euro ophelle. Op dat gala spile ek de Fryske muzikant Sytze Pruiksma.

Piersma sil benammen sjen nei in gebiet yn de Giele See dat op ús Waadsee liket en hiel wichtich is foar in soarte fan mients (kanoet yn it Hollânsk). It gebiet wurdt hieltiid mear ynpoldere en der wurdt besocht dat op te kearen.

Dêrfoar moat wol dúdlik wurde hoe wichtich it gebiet is en dêrfoar is ûndersyk nêdich. Oer it behâld fan it gebiet is ek in brief gien nei de Sineeske premier. Alles wurdt dien yn 'e mande mei it Wereld Natuur Fonds.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)