2 tips oer plofkreak De Jouwer

11 jun 2014 - 11:13
  • De automaat is ûndersocht op eksplosiven

De plysje hat tiisdei nei oanlieding fan it tv-programma Opsporing Verzocht twa tips krigen oer de plofkreak ferline wike op De Jouwer. Dêr waard yn de nacht fan moandei op tiisdei in pinautomaat oan de Geert Knolwei opblaasd. Plysjes seagen de dieders fuortriden en setten de achterfolging yn. Se ramden de flechtauto en skeaten op de dieders. Dy naaiden út, mar bedarren by Reahel mei de auto yn 'e sleat. In grutte sykaksje smiet neat op.

Yn it programma wiene bylden te sjen fan twa tsjûgen dy't rjochting de Sydtakke yn Rotstergaast rinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)